Ik nim jimme mei op in reiske troch myn jongesjierren dy’t har ôfspile hawwe yn myn bertedoarp Goaiïngea en de wide omkriten. Ik wol jimme benammen meinimme nei de simmerske swimpartijen sa tusken myn 12e en 18e wat ynhâldt dat ik werom gean nei ein 50er, begjin 60er jierren.
By ús yn it doarp wiene yn dy jierren net in soad famkes fan ús leeftyd, mar der wie in moai protsje jonges dy’t kreatyf wiene yn it betinken fan spultsjes en kattekwea. It sil jimme net fernuverje dat ik dêr ien fan wie. Undernimmend as wy wiene en bern op dy leeftyd binne fûnen wy fan alles út. In favorite aktiviteit yn ’e simmer wie fansels it swimmen en dat diene we as bern flakby ús doarp yn ‘e Snitser Aldfeart, de tochtfearten of de opfeart nei it doarp.
Yn ’e iere maaitiid ein maart begjin april, it iis wie noch mar amper út ’e fearten, ha we it sels ris prestearre te swimmen op in ûnderstrûpt stik lân flakby it doarp, en omt de swimklean noch yn ‘e motteballen leine gie dat as jonges ûnder mekoar yn ’e bleate kont. We sille omtrint 10 – 12 jier âld west ha. In skytbroek dy’t net doarde hat ús doe ferret by de doarpssmid en dy hat al ús klean ûnder de earm naam en ús poerlike neaken it doarp trochjage op hûs oan dêr ‘t we fansels in wân bruien krigen fan mem en heit foar sok ûnseedlik gedrach. Wat sille se lykwols in wille hân ha om ús aksje ha ik efternei wolris tocht.
Doe ‘t we wat âlder waarden mochten we nei de Snitsermar. As dat ûnder begelieding fan de âlders gie dan giene we faak nei it Paviljoen dêr’t in swimplak wie wêr no de haven mei de kamping oan mar is. (op de foto fan it FSM krekt rjochts bûten byld)
As we lykwols as jongerein meimekoar te swimmen gyngen dan gie ús foarkar út nei de sânplaat. Dit wie in rêch fan de âlde Gravinnewei dy’t dwersoer de Snitsermar fan Terherne rjochting Offenwier rint en ûntstien is yn de iistiid. De sânplaat lei beskûle fan reiden neist de Alde Sylroede oan de noardkant fan de mar. Om hjir te kommen moasten jo fanôf de Paviljoenwei in ein oer de doe noch ûnferhurde en hobbelige Griene dyk en dan troch it bûtlân op de mar ta. In reis mei hindernissen yn de foarm fan kûlen en hikken.
It Pottenstrân wie doe noch net oanlein. Dy sânplaat wie in prachtich plak dêr ‘t jo sa troch de reiden hinne it wetter ynstapten wat oan ‘e kant net djipper wie as in 30 sintimeter. It wie it moetingsplak fan in protte jongerein út de doarpen fan de Snitser fiifgea, Offenwier, Gau, Goaiïngea, Loaijingea en Skearnegoutum. As it moai waar wie, wiene wy dêr faak jûns en yn it wykein oerdei mei hiele kloften jongfolk. Wat swimme, yn ‘e sinne lizze, tuorrebout smoke en healwiizje wiene favorite aktiviteiten.
Wat dat lêste oanbelanget, in favoryt ûnderdiel by de jonges wie it stikeme rêchswimmen sûnder swimbroek en dan gie it derom wa ‘t it langst syn lytse man boppe wetter hâlde koe.
Ik ha nea de priis wûn!
It wie ek dat yn dy tiid de manlike hormoanen harren begûnen te oppenearjen en omdat wy, sa ‘t ik al memorearre, yn Goaiïngea in tekoart oan froulju hiene gie der wat dat oanbelanget oan ‘e mar in wrâld foar ús iepen. Hjir kamen wy al gnuvend troch de reiden yn ‘e kunde mei it froulik bleat, wat lykwols net mear ynhold as wat bleat fel ûnder in handoek wei as de froulju harren ferklaaiden op ôfstân efter de reiden. Ik wit net oft jo jo de badpakken fan dy tiid noch yn ’t sin krije kinne, mar jo moasten in rike fantasij ha om te betinken hokker geheimen dêryn ferskûle leine.
De Snitsermar moast doe noch útdjippe wurde en jo koene benei oeral rom stean sûnder wetter te happen. Op plakken stie sels net mear as 50 sm wetter. Allinne de fargeul koene je net bedjipje. We rûnen en swommen sa de mar oer nei de Terhernster pier. Op de pier oankaam hellen we by it Terhernster paviljoen in hearlike fanylje of framboas ijsko op in stokje fan 10 sint. It jild gie mei yn ‘e seame fan de swimbroek, we skôgen de froulju, strúnden dêr noch wat om, om dêrnei deselde reis wer werom te gean nei de sânplaat. Op dizze wize wiene wy in moai part fan ‘e middei ûnder de pannen of yn it wetter sa ‘t jo wolle.
Ein 60 er jierren waard de mar baggere omdat men sân brûke moast om diken oan te lizzen yn it ramt fan de ruilferkaveling en wie it dien mei it swimmen by de sânplaat. We krigen it moai oanleine Pottestrân der foar werom.
Moaie oantinkens binne oan in soargeleaze bernetiid wêr ‘t ik noch faak oan werom tink as ik tegearre mei myn wyfke jûns of yn it wykein de al lang ferhurde Griene Dyk del fyts, lâns dat Pottenstrân dêr’t no legaal neaken rekreëarre en swommen wurde kin. De sânplaat is net mear en it bûtlân net mear frij tagonklik, mar it bliuwt in gouden plakje mei gouden bylden út myn jeugd.
En de hormoanen? Och dy ha harren ûnderwilens al aardich deljûn.
Geart Bos.