Yn ‘e bûtlannen lâns de Snitser Mar omstrune wie yn myn skoallejierren in favorite beuzichheid. Ik boarte doe faak by de jonges fan Krikke yn Offenwier. De pleats dêr’t hja wennen stie op ’e hoeke fan de Offenwiersterdyk en de âlde Paviljoenwei. Dat wie doe noch in smelle mei klinkers befluorre ûnsljochte wei op in feanige ûndergrûn. De pleats stiet der noch, rjochts in lyts eintsje rjochting Gau / Goaiïngea fan ôf it krúspunt mei de Bûtlânswei /
Paviljoenwei doe krekt sa’n bytsje op de grins fan Snits en Wymbrits.

De ûnferhurde Griene Dyk wie oant de útfiering fan de ruilferkaveling ta it grutste part fan it jier in wiet, dridzich paad fol gatten en kûlen dêr ‘t je net lâns giene as dat net perfoarst nedich wie. Foar ús as bern wie de dyk in útdaging en maitiids in paradys fan eine-aaien, mar foar de boeren dy’t der lâns moasten nei harren landerijen wie it lykwols in besiking. Dit hie û.o. fan gefolgen dat der doe net safolle folk yn dy wrâld kaam. Tiden koene jo dêr omdoarmje sûnder in kop tsjin te kommen.

De bûtlannen stiene doe de hiele winter splis en as dy maitiids wer droech kamen, dan wie it in fize, deade brune massa wat der ûnder it wetter weikaam. It duorre lykwols mar efkes dan kaam der in prachtige giel-griene tekken oer te lizzen fan jong bûtlâns(raai)gers en dotterblommen. In eldorado foar flora en fauna en foar ús. De learzens oan en strune mar. Aaisykje, polsspringe, blomkeplukke, wy fermakken ús wol.

Mei bûsen fol eine-aaien bin ik wolris thúskaam, soms ek wol bebret, mar dêr rêde ús heit him dan wol mei. Utbriede ûnder in hin wie in goeie opsje. Ek mei heit bin ik dêr wolris te aaisykjen west. Ik kin my noch yn ‘t sin bringe dat dat in kear ferkeard ôfrûn is. Heit hie suver de smoar yn wit ik noch, mar ja ek doe wie ik al brildrager. Hast 50 jier letter ha ik dêr it folgjend gedicht oer skreaun.

Aaisykje
Ik wie noch mar in stek yn ’e bûs
en dochs heit syn grutte soan. 
‘k Fielde my in hiele keardel,
gie foar’t earst mei heit nei’t lân

Moarns betiid fan’t bêd,
de wrâld wie noch yn rêst.
Aaisykje woe ik leare,
heit soe my alles fertelle, dat like bêst.

In grut en lyts spoar yn it wiete gers,
tegearre trêden we troch de greide.
Ik hearde in ljurk, seach de skries,
waard kjel doe’t in âld hij oer ús hinne saaide

Wat fûn ik dit machtich,
wy wiene ien mei de natoer.
Mei de pols oer de breedste sleatten,
dizze wrâld wie uzes en net fan in boer.

Doe sei heit, moast der om tinke
hjir of dêr leit grif dy ljip har aai.
Moast goed sykje, it leit ferskûle yn in kûltsje
en fansels as we it fine, nimme we it mei.

Ik woe sjen litte hoe goed oft ik it al koe
‘k tyske de eker oer en hie gjin rêst.
Myn eagen fleagen fan lofts nei rjochts,
ik seach alles….. mar net it nêst.

Yn it lân by de mar barde it drama
ik skamme my dea en woe wol stjerre.
Want sûnder dat er it helpe koe
trape myn lytse fuotsje it aai ta djerre.

Geart Bos