Wannear oft it krekt wie wit ik net mear, mar ik wie noch gjin tsien jier doe Oene Sieperda mei syn Leanbedriuw fan Offenwier nei Goaiïngea kaam. Nei bakker, winkelman, timmerman, 2 fervers, smid en molktaperij in foarse oanfolling op de wurkgelegenheid yn ús doarp. Mei de ôfgraverij en ferfier fan terpmodder mei skûtsjes wie it doe krekt sa’n bytsje dien.No mear as 60 jier letter is dit bedriuw der noch altiten ûnder de namme Wierda. De omkesizzers fan Sieperda binne ûnderwilens de ûndernimmers. En al is der wol wat foar werom kaam, al de oare nearingdwaanden binne ferdwûn. Dat leanbedriuw hie foar ús, doarpsjonges in bysûndere oanlûkingskrêft. Wy learden dêr al jong trekkerriden, ik wie 12. We wiene fansels goedkeape krêften en it iennichste wat wy dwaan moasten wie soargje dat de trekker tusken twa rijen heapakken trochstjoerd waard. En dan sa, dat de mannen dy’t de pakjes hea oplade moasten, dat sûnder al te folle rinnen dwaan koene. We fochten der benei om wa’t mei mocht. Letter ha ik dêr, fuort nei myn ambachtsskoalletiid noch 2 ½ jier yn fêste tsjinst wurke. Yn dy tiid wiene der in protte lytse boeren (komelkers) yn de Lege Geaen en Top en Twel dy ‘t in stik bûtlân by de mar hiene.
Omdat dy meast allinne in hynder hiene waard troch it leanbedriuw, benammen yn de simmer, in protte wurk foar harren dien yn de bûtlannen. It wiene meastal lange drege reizen dy’t makke wurde moasten om by de landerijen te kommen. De Grienedyk wie noch net ferhurde en fanwegen de gatten en kûlen koene jo dêr mar mei in slakkegong lâns. Boppedat wie it sa dat as jo nei it achterste bûtlân moasten by de Gauster Hoppen, dan moast it hiele spul ek noch mei in pream oer it streamkanaal fan it âlde gemaal (foto) en de slûs op de Gaustersyl. Dat dat in hiel och heden wie sil ik besykje dúdlik te meitsjen.
As der yn dy tiid (om 1960 hinne) meand wurde moast, dan moast de boer mei de trekker of mei syn hynders en meanmasine de pream op as yn. It ridend ark waard op in pear lange stevige planken (posten) dwersoer lizzend, tigen hoeden, op de pream riden. As de pream yn ‘t lykwicht lei waard it spul fêstsetten en oerfearn. Dan gie it der ôf en waard der meand.
Al it oare ark gie op deselde wize oer, guon boeren brûkten ek wol ark fan mekoar omdat dat in protte oersetten en lange reizen útsparre. Ynearsten gie nei it meanen, skodzjen, swyljen en tymjen it hea op oppers, ruters as yn ‘e reak. Nei dagen fan drûgjen wurde it hea op ‘e sleep as haaiwein laden en nei de oerset brocht en yn ‘e pream foarke. Yn it geunstichste gefal koe it nei de pleats ta fearn wurde. Dan wurde it de pream út foarke en mei help fan in jakobsljedder as heablazer de golle ynbrocht. Wenne de boer of komelker net oan it wetter dan moast it hea, út de pream oerladen wurde op weinen en waard it sa nei de pleats brocht. As it mooglik wie dan barde dat yn ien fan de doarpen yn ‘e buert. Mar yn it slimste gefal die men dat yn it bûtlân. In omlânske reis oer de Grienedyk wie dêr dan mei anneks. Mear en mear waard it leanbedriuw foar dit wurk ynskeakele en sa kaam ik al jong, ik wie 15 doe’t ik foar fêst oan it wurk kaam by de fa. Sieperda, yn ‘e kunde mei dizze tige bewurklike wize fan heawinning. Plysje kontrôle wie der net yn de bûtlannen, in trekker-rydbewiis wie noch net útfûn en dus koene jo as 15 jierrige feilich op ‘e trekker yn dy fiere oarden omtyskje. Mei de trekker meane ha ik nea dien mar skodzje, swylje, heaperse en pakjeride wiene putsjes dy ‘t ik graach dwaan mocht, it wie altiten moai waar mei dit wurk. (de trekkers hiene doe noch gjin kabine). Ek dit ark moast lykwols mei de pream oer, wat tagelyk ynhold dat jo yn elts gefal mei 2 trekkers der moarns op tiid op út moasten. It meanen waard langer oan faker dien mei de trekker en hjir barde dat (fanwege de omlânske reis) troch it leanbedriuw tagelyk foar mear boeren. Skodzje en swylje diene de boeren ek wol sels mar it hea yn pakken slaan die it leanbedriuw. Earst gie der ien trekker op de pream nei de oare kant en dan waard mei de oare trekker de heapers efterút de pream op riden. Dan wurde de trekker losmakke en de pream oerfearn, wêr de pers mei de trekker dêr der ôfhelle waard. Omdat it bûtlân eins altiten sompich wie moasten der faak ekstra tsjillen, as saneamde koaitsjillen (folslein fan izer) oan de trekker en de swiere kant fan de pers setten wurde. Dit om foar te kommen dat it spul weisakke yn ‘e greide. Dit is my ien kear oerkaam, en omdat ik net op eigen krêft loskomme koe moast der help komme. Ik wie dêr alhiel allinne yn it fjild en gie, om help te krijen earst in ein troch it lân rinnend nei it gemaal op ‘e Gaustersyl. Dêr wie telefoan, dan de baas skilje. Doe koe der in trekker fan Goaiïngea komme, dy ‘t earst ek wer oerset wurde moast, om my los te lûken. Al mei al wiene jo dan in pear oeren fierder.
De pakjes hea waarden op in hikke, barte of sleep nei de oerset brocht. Dêr yn ‘e pream laden en dan gie it deselde wei as earder it losse hea. As jo út it bûtlân wei te hurd de Griene dyk del rieden dan hiene jo kâns dat je, fanwege de kûlen, de pakken ûnderweis nochris in kear oplade moasten. Dus gie it tige hoeden nei de pleats, dêr ‘t it hea oeren letter yn ‘e golle kaam. Faak wie it dan ek al tsjuster as jo thús kamen. Op ien fan dy reizen ha ‘k nochris in moaie grap meimakke op in skimerjûn op ‘e Grienedyk. Omdat je sa langsum ride moasten hiene jo it ek wol oan tiid en sjoch wat om je hinne. No stiene der yn dy tiid lâns de Grienedyk in protte strûken en beammen, folle mear as hjoeddedei. En omdat der net in protte folk kaam wie de berm efter dy beammen favoryt by frijende pearkes dy ‘t in rêstich plakje sochten om dingen te dwaan dy’t de measten fan ús yn ‘e sliepkeamer dogge. Op dy bewuste jûn kamen wy mei de trekker en twa weinen pakken út it bûtlân. Ik lei mei in pear oare jonges op it hea op de foarste wein en Oene Sieperda siet by Watse Kamstra, dy’t de trekker stjoerde, op it spatboerd. Wy hiene neat yn ‘e gaten mar ynienen draaide de trekker nei links mei de foartsjillen neist de dyk, stoppe en dêr gie it grut ljocht op. Yn it ljocht lei in pearke dat sa te sjen drok dwaande wie mei it wurkjen oan in neiteam, wat wreed fersteurd waard troch dy ûnnoazele boeren mei hea. Se wisten net hoe gau se harren neakene liven ôfdekke moasten foar al dy nijsgjirrige eagen. En ta ús fernuvering stapte ús grutte baas Oene fan ‘e trekker, rûn der hinne en spruts de histoaryske wurden “wat seist jonge, sil ik it efkes fan dy oernimme?” wy leine blau fan it laitsjen en it pearke wist net wat se der oan hiene.
It wie foar de boeren yn it gea in útkomst dat de ruilferkaveling “de Sneeker Oudvaart” útein sette. Troch de skaalfergrutting dy ’t hjir mei anneks wie kaam der lykwols ek in ein oan it bestean fan in protte lytse boeren yn ‘e streek. Komelkerijen waarden wenbuorkerijen en de komelkers moasten harren frije libben opjaan en in baas sykje. Der kaam in ein oan in faak dreech en krap bestean fan in protte ynwenners en nearingdwaanden fan de doarpen yn de Lege Geaen. En hoewol’t it foar de measten foarútgong meibrocht wie it foar guon net maklik om dizze omskeakeling te meitsjen. Mei it frije libben wie it ommers dien as jo net mear sels baas wiene.
Grutte feroarings yn it lânskip fan myn jeugd en grutte kânsen foar de agraryske sektor mei grutter wurdende, faak nije, buorkerijen. Ek nije kânsen foar de rekreative sektor mei it Pottenplan, it nije paviljoen mei bungalows en it Pottenstrân.
De Grienedyk waard in asfaltdyk en der kamen nije diken yn it gebiet dy’t in positive ynfloed hiene op benammen it wurkjen fan de boeren yn it gebiet. Doe de ruilferkaveling klear wie wurke ik ûnderwilens by masinefabryk Hubert yn Snits en hie ik de vizelgemalen op de Wierren oan de Bangafeart en dy by de iisbaan fan Tersoal pleatst. Dit wie ek in ûnderdiel fan de ruilferkaveling. Yn 2007 binne dy ferfongen troch nije gemalen. En sa gean de feroarings en foarútgong troch. Mar tiden hawwe tiden en faak wurdt sein dat al it âlde wer werom komt. It soe my dan ek net fernuverje dat yn it ramt fan de rekreative ûntwikkelingen yn ‘e takomst de âlde ferbinings oer it wetter mei de Snitsermar fan út de Lege Gean wer yn eare hersteld wurde.
Mar hoe oft it ek komt, it hea sil nea wer mei de pream fan de Gauster Hoppen nei Gau brocht wurde, dat hat west.
Geart Bos