Oade oan de Griene dyk en syn unike natuur.
As ik, Geart Bos, al myn oantinkens oan it gebiet rûnom de Snitser Mar oan it papier tabetrouwe sil is de ein der foarwei en sil it foar jo, de lêzer, grif te folle wurde. Dêrfandinne is it dat ik my yn inkelde ferhalen uterje wol oangeande, benammen, de oantinkens as Goaiïngeaster jonge oan itjinge wat ik belibbe as wy yn ús jonge jierren omtysken yn it gebiet.
Skoan binne de oantinkens bygelyks oan it swalkjen troch de bûtlannen, it swimmen by it “Paviljoen” en de sânplaat, de haaiïnge yn de 60 er jierren, de oanlis fan bungalowpark “de Potten” en de “Ruilverkaveling De Sneker Oudvaart”. As jo dizze ferhalen lêze sille jo tusken de rigels myn noed oer de takomst fan dit moaie gebiet, foar my it lânskip fan myn libben, gewaar wurde.
Nei al dy jierren bin en bliuw ik euforysk oer dit unike gebiet wêr ik krektlyk as oaren hjir yn noed sit wat de takomst oanbelanget. Der is al tefolle ferlern gien!
De ferhalen ha ik foar it grutste part jierren un 2008 skreaun doe de gemeente Snits in wedstriid útskreaun hie mei as tema “Oade an de Sneekermeer”!
Oade oan de Griene dyk. Diel fjouwer kunt u lezen via onderstaande link:
Oantinkens oan it lânskip fan myn libben
Oade oan de Griene dyk. Diel trije kunt u lezen via inderstaande link:
Swimme
Oade oan de Griene dyk. Diel twa kunt u lezen via onderstaande link:
Oantinkens oan it lânskip fan myn libben.
Oade oan de Griene dyk. Diel ien kunt u lezen via onderstaande link:
Swalkjend yn it Bûtlân